"Toerisme Ljouwert en de provinsje ûntwikkelet him prima"

"It toerisme yn Ljouwert en de rest fan de provinsje ûntwikkelet him prima." Dat seit direkteur Albert Hendriks fan it toerismeburo Friesland-Holland. "It programma fan Kulturele Haadstêd lûkt in soad minsken. Dy kombinearje it dan faak mei oare aktiviteiten yn de provinsje. Dêrom profitearret net allinnich de stêd Ljouwert dêrfan."
Hendriks is net benaud dat der nei dit jier strukturele leechstân yn de Ljouwerter hotels komme sil. "De ynset moat wol wêze dat der fan alles organisearre wurdt, it leafst útsmard oer it hiele jier. De toerist wol mear as allinnich in plak dêr't er sliepe kin. Der moat wat te rêden wêzen. In goede hotelier is hjoed-de-dei dan ek in soarte fan entertainer." Albert Hendriks die syn útspraken snein yn it Omrop Fryslân-programma Buro de Vries.