Auto op parkearplak fljocht yn de brân

© Kappers Media
In auto op in parkearplak yn Ljouwert is sneintemiddei yn 'e brân flein. Hy stie by in appartemintekompleks oan de Egelantierstrjitte. De brânwacht wie der krekt op 'e tiid by. Sy koene foarkomme dat it fjoer oersloech nei oare auto's dy't dêr ek stiene. De brânwacht slagge deryn it fjoer gau út te meitsjen. De oarsaak fan de autobrân is noch net bekend.