"Goede kanon ferget konsintraasje by útfiering"

"In goede kanon klinkt geweldich. It hat allinnich wol in goede konsintraasje nedich om him goed út te fieren." Dat seit muzykdosint en lietskriuwer Hindrik van der Meer fan de útbuorren Fûns by Jorwert. Hy wie frege mei te wurkjen oan de grutste kanon fan Fryslân, sneon op 'e Jouwer. Dêr hâlde it 'Bond van zangkoren' it jierlikse konkoers. Fyftjin koaren strieden dêr tsjininoar.
Yn it skoft bondelen se harren krêften ûnder lieding fan Hindrik van der Meer. It slagge: hûnderten stimmen klonken yn harmony trochinoar. De kanon is slagge.