Cambuur mist trije basisspilers tsjin Jong AZ

08 apr 2018 - 12:29

SC Cambuurtrainer René Hake kin moandei yn de wedstriid tsjin Jong AZ gjin berop dwaan op Daan Boerlage, Ricardo Kip en Martijn Barto. Boerlage is skorst, trochdat er tsjin FC Den Bosch freed syn fiifde giele kaart fan it seizoen krige. Barto is noch net  wer better fan syn blessuere oan 'e rêch en Kip hat noch te folle lêst fan syn hamstring. De ferwachting is dat Rosheuvel en Van Kippersluis yn de basis stean sille foar Boerlage en Kip en dat Daniels lykas freed Barto ferfangt yn de spits.

Neffens Hake is it te fernimmen dat de Ljouwerters de lêste twa wedstriden wûn hawwe: "Dan is de sfeer beter in de groep en wordt er meer gelachen. Dat moet ook weer leiden tot dat je met meer vertrouwen gaat spelen." Hake konstatearret dat syn ploech him ûntwikkelet. "We maken stappen. Van de laatste zeven wedstrijden hebben we er maar één verloren. We scoren nu ook meer, alleen geven we de goals nog te makkelijk weg."

Tsjinstanner Jong AZ hat fjouwer punten minder as Cambuur. "Na de winterstop draaien ze behoorlijk beter dan ervoor", sjocht Hake. "Ze spelen veel met eigen jongens. Er doen er vaak niet heel veel mee van het eerste."

Trefwurden: 
SC Cambuur fuotbal
(advertinsje)