Dronken Lemster giet dochs wer de dyk op

08 apr 2018 - 10:50

Op 'e Lemmer is sneontenacht in autobestjoerder fan de dyk helle, omdat er mei tefolle drank op oan it riden wie. De man hie in promillaazje fan 1.6. Hy krige in rydferbod fan tsien oeren en in boete fan 750 euro. Syn rydbewiis waard ynnaam. Dat barde om tsien foar fiven.

De man luts him net wat oan fan it ferbod. Om tweintich oer seizen waard er wer trappearre al ridend yn 'e auto. Doe is in proses-ferbaal tsjin him opmakke.

Trefwurden: 
dronken De Lemmer
(advertinsje)