Obe Postma as 'rapper avant la lettre'

It Fries Film Archief hat in filmke online set mei de Fryske rapper 'avant la lettre', sa skriuwe se sels. Oanlieding is de ferskining fan Postma syn gedichten yn it Ingelsk. Foar dy gelegenheid hat komponist Sjoukje N. Visser spesjaal foar de Obe Postmadagen in muzikale beat en ambient muzyk makke by in lûdopname fan Obe syn foardracht fan it gedicht 'Ein'. De bylden fan de dichter komme út it Fries Film Archief. Se binne makke troch Klaas Mol, dy't de gasten by de útrikking fan de Gysbert Japicxpriis ein jierren '40 yn Boalsert filme.
De Obe Postmadagen binne freed úteinset en se duorje noch oant en mei snein. Freed wie der yn Tresoar in gedichtemiddei, folge troch de presintaasje fan it earste eksimplaar fan 'Selected Poems Obe Postma' oan kommissaris fan de Kening Arno Brok. De oersettings binne makke troch Jabik Veenbaas en Anthony Paul. Sneon wie der ek noch in Obe Postma-stedskuier troch Ljouwert. Fierders binne der sneon en snein muzikale útfieringen yn de Doarpstsjerke fan Huzum. Te hearren binne gedichten fan Obe Postma dy't op muzyk set binne. Dêrfan is ek in spesjaal boek útkaam mei de titel 'Postma op muzyk'.
Obe Postma libbe fan 1868 oant 1963. Hy is, tegearre mei Tsjêbbe Hettinga, ien fan de twa Fryske dichters dy't nasjonale bekendheid krige hawwe. Mei de ferskining fan de Selected Poems binne Postma syn gedichten no ek foar in ynternasjonaal publyk tagonklik makke. Tsjêbbe Hettinga wie Postma al foargien troch syn foardrachten yn Nederlân en yn it bûtenlân.