Welmoed út Hallum yn finale Prinses Christina Concours

© Omrop Fryslân
De 17-jierrige Welmoed Poelstra út Hallum is troch nei de finale fan it Prinses Christina-muzykkonkoers. Welmoed spilet piano. It konkoers is bedoeld foar talintfolle, jonge muzikanten. De ôfrûne tiid hawwe hûnderten jonge musisy meidien oan de seleksjes. Dêr rûgelen 26 dielnimmers út dy't sneon yn Den Haag meidiene oan de heale finales.
De Fryske pianiste Welmoed Poelstra is ien fan de acht dy't trochgean nei de finale. Dy is oer twa wiken ek yn Den Haag.