Plysje hâldt drankrider (52) oan yn Ljouwert

07 apr 2018 - 20:31

De plysje hat sneontemoarn betiid in 52-jierrige automobilist út Ljouwert oanhâlden. De man ried ûnder ynfloed fan alkohol. By de Van Loonstrjitte yn de stêd waard de Ljouwerter oanhâlden en moast er in blaastest ôflizze.

Op it buro blaasde de man 245 ug/l. Hy krige dêrop in strafbeskikking fan 325 euro.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert drankrider
(advertinsje)