Fuotbalfroulju lyk tsjin Sweden, doelpunt ynfalster Kalma

07 apr 2018 - 19:00

De Nederlânske fuotbalfroulju ûnder de njoggentjin jier hawwe sneon yn Hongarije mei 1-1 lykspile tsjin Sweden. Yn it kwalifikaasjeduel foar it Europees kampioenskip kaam de Sweedske tsjinstanner krekt foar it skoft op foarsprong. Loreta Kullashi sette har ploech op 0-1 út in strafskop. Oan de ein fan de wedstriid koene de Nederlânske froulju de lykmakker notearje. Friezinne Fenna Kalma kaam yn de 81ste minút yn it fjild en skoarde sân minuten letter de 1-1.

Tiisdeitemiddei spylje de Oranjefroulju it folgjende kwalifikaasjeduel. Hongarije is dan de tsjinstanner.

(advertinsje)