Basketballers Aris winne fan Amsterdam

07 apr 2018 - 17:41

De basketballers fan Aris hawwe sneontemiddei in kreaze oerwinning pakt tsjin Amsterdam. Yn de haadstêd waard it úteinlik 74-55 yn it foardiel fan de ploech fan coach Tony van den Bosch. Nei it earste kwart hienen de Ljouwerters al in flink gat slein: 14-22. Yn de twadde faze fan de wedstriid koe Aris dizze foarsprong beethâlde.

Nei it tredde kwart stienen de gasten op 37-56 en yn de slotfaze waarden gjin flaters makke. De oerwinning komt foar de Ljouwerter basketballers op in moai momint; de ploech kin de punten op it stuit goed brûke.

Trefwurden: 
Aris basketbal Amsterdam
(advertinsje)