Band SKÆVVER mei temaliet nei Tall Ships Races

07 apr 2018 - 17:00

De band SKÆVVER is winner wurden fan de wedstriid foar it temaliet fan de Tall Ships Races yn Harns. Harren nûmer 'Het eindeloze blauw' is troch de sjuery útkeazen as it liet fan de edysje fan 2018. "Wy binne der hiel bliid mei", sei drummer Mark Jongedijk. Sels is er fanatyk sylman en hy wie dan ek fuort entûsjast doe't de organisaasje de priisfraach útskreau.

Haadpoadium

SKÆVVER sil op freed 3 en sneon 4 augustus optrede op it haadpoadium by de Tall Ships Races. Ek sil harren temaliet brûkt wurde foar ferskate promoasje-uterings lykas de promofilm en de aftermovie.

Tall Ships Races

Fan 3 oant en mei 6 augustus wurde yn Harns de Tall Ships Races organisearre. De Harnzer haven leit fol mei grutte en lytse skippen mei tûzenen bemanningsleden út tritich ferskate lannen. De organisaasje ferwachtet mear as 300.000 besikers.

(advertinsje)