Trije punten foar ONS Snits nei winst op ASWH

ONS pakte sneon trije wichtige punten troch thús mei 3-1 te winnen fan ASWH. Oanfierder Michael Lanting sette de Snitsers yn de 22ste minút op foarsprong mei in strak skot yn de linker boppehoeke. Sân minuten letter wie it op 'e nij raak en soarge Serge Fatima mei in kopbal foar de twadde Snitser goal. ASWH brocht de spanning fuortendaliks werom mei de oanslutingstreffer. Curty Gonzales hie de 3-1 op 'e skoech, mar hy skeat de bal njonken.
Nei it skoft hie ONS folop kânsen om dien wurk te meitsjen, mar de ploech fan trainer Chris de Wagt fersomme te skoaren. De gasten út Hendrik-Ido-Ambacht diene harren namme dêrnei ear oan: Altijd Sterker Worden. Pas yn ekstra tiid soarge Curty Gonzales foar de befrijende treffer. ASWH einige de wedstriid mei njoggen man, nei twa reade kaarten.