Flinke nederlaach foar Harkemase Boys

07 apr 2018 - 16:29

Harkemase Boys gong sneontemiddei hurd ûnderút yn en tsjin Scheveningen. De Harkiten ferlearen mei mar leafst 5-0. Nei in goed healoere spyljen kaam de ploech fan trainer Henk Herder op efterstân, doe't de thúsploech út in frije traap de 1-0 op it skoareboerd sette. Op slach fan rêst ferdûbele Scheveningen de stân en sochten de Harkiten de tee op by in 2-0 efterstân.

Yn de twadde helte smiet de thúsploech de wedstriid definityf yn it slot mei de 3-0. It waard noch slimmer foar de Boys, doe't Scheveningen ek de fjirde en fiifde treffer makke.

(advertinsje)