Bouwmeester fjirde yn einklassemint Prinses Sofia Cup

Sylster Marit Bouwmeester is sneon as fjirde einige yn it klassemint fan de Princes Sofia Cup. Op it wetter by it Spaanske Palma de Mallorca grypte Bouwmeester op de lêste dei fan it evenemint krekt neist it poadium. Marie Erdi út Hongarije hie ien punt minder as de Wartenster en einige as tredde. Twadde waard Alison Young út Grut-Brittannië; de oerwinning yn it einklassemint gie nei Anne-Marie Rindom út Denemarken.
Net ûntefreden
Marit Bouwmeester toande har nei ôfrin fan de Princes Sofia Cup net ûntefreden. ''Nei alle blessueren fan de ôfrûne tiid is myn doel dit jier wer mear wedstriden te silen'', sa seit Bouwmeester. ''Der gie in soad goed dizze dagen, mar myn doel leit dit jier net yn Palma de Mallorca. Dit binne moaie trainingsmominten, mar Aarhus en Tokio, dêr gean ik foar.''