Drokte by iepen huzedei NVM, benammen yn Ljouwert

© ANP
De iepen huzedei fan makelersferiening NVM wurdt goed besocht. Benammen yn Ljouwert is in soad drokte. Dêr stiene by guon wenten sels lytse rigen mei wachtsjende minsken. Ek is der in soad belangstelling foar nijbou. Makeler Jan Ypeij fan Makelaardij Friesland sjocht dat wenten hieltyd koarter te keap stean. Ek wurde de prizen hieltyd heger. Yn Ljouwert is op it stuit al sprake fan in tekoart oan betelbere wenten foar starters. Neffens Ypeij is it gefolch dat keapers no yn doarpen om Ljouwert hinne sjogge. Ek dêr lûkt de ferkeap no oan.
Al sân jier te keap
Yn Burgum wachtet Gerrit Veenstra al de hele dei op in potinsjele keaper. Syn frijsteande wente stiet al sân jier te keap, mar wurdt mar net ferkocht. It giet om in hûs mei in grutte bedriuwsromte. Yn al dy sân jier hat er ien kear serieuze belangstelling hân. Neffens Veenstra heakken de keapers ôf op it azc. Dat bin de oerbuorlju fan de Veenstra's. "Je ha der gjin lêst fan, mar minsken binne dochs benaud."
Veenstra hopet dat de merk no sa oanlûkt dat ek syn wente einliks ferkocht wurdt. De needsaak is der ek om't hy en syn frou al in nij plak fûn ha yn it sintrum fan Burgum.