Nyck de Vries sneon sechsde yn Grand Prix fan Bachrein

Nyck de Vries (hjir op argyffoto n Monako) © ANP
Autokoereur Nyck de Vries is sneon as sechsde einige yn de haadrace fan de Grand Prix fan Bachrein. De 23-jierrige De Vries ried op it sirkwy syn earste race foar syn nije team Prema Racing. De Italiaanske ploech naam De Vries oer fan Racing Engineering, dêrfoar ried er noch foar it team fan Rapax.
Nyck de Vries begûn as fjirde oan de race yn Bachrein, mar ried dêrnei lang op it twadde plak. Dêrnei ferlear er posysjes om úteinlik nei in ferplichte pitsstop as achtste op de baan werom te kommen. De race yn Bachrein waard wûn troch de Brit Lando Norris. Snein is de sprintrace yn de Formule 2.