VVD-steatelid pleitet foar rap spoar Lelyline oer Drachten

07 apr 2018 - 12:51

De noardlike polityk docht der goed oan om in rappe spoarferbining tusken Grins-Drachten-Emmeloard en Lelystêd wer op de politike aginda te setten. Dêr pleite VVD-steatelid Durk Pool sneontemoarn foar op in konferinsje fan syn partij yn Drachten oer mobiliteit.

Pool wennet sels yn Achtkarspelen en wurket yn Emmeloard. Benammen tusken Drachten en De Jouwer kin er yn de spits noait hurder ride as tachtich, fertelde er oan syn partijgenoaten. Ek stiet er geregeld yn de file op de A7. In nije spoarferbining Grins-Lelystêd oer Drachten soe boppedat Noard-Nederlân in stik tichteby de Rânestêd bringe. Dat biedt net allinnich kânsen foar it persoaneferfier, mar ek foar it ferfier fan guod. De nije spoarline soe ûnderdiel wurde moatte fan in flugge ynternasjonale spoarferbining fan Rotterdam nei Hamburg, sei Pool fierder. 

Lelyline yn plak fan Suderseeline

Yn syn presintaasje hie Pool it net oer de Suderseeline - de âlde namme fan it spoartrasee nei Drachten  -, mar oer de Lelyline. De namme Suderseeline is neffens Pool 'besmet', omdat dy earder ôfskreaun is troch de lanlike polityk. Pool hold syn pleit op persoanlike titel, mar stiet seker net allinnich.

Op de VVD-byienkomst krige er stipe fan ProRail-direkteur Pier Eringa. Dy pleite yn in spesjaal makke fideoboadskip foar 'stevige ynvestearrings' yn it spoar tusken de Rânestêd en Fryslân, Grinslân en Drinte. Eringa fynt dat Noard-Nederlân op 'forinse-ôfstân' brocht wurde moat fan de Rânestêd, sadat it makliker wurdt om yn Fryslân te wenjen en yn Amsterdam of Den Haag te wurkjen. Dêrfoar soe de reistiid mei flugge treinen sa'n ien oant oardel oere wurde moatte. No is dy reistiid, rekkene fan Ljouwert of Grins, noch sawat 2,5 oere.

Grinslân net ûnder de yndruk

Fraksjefoarsitter Mirjam Wulfse fan de VVD yn Grinslân wie net ûnder de yndruk fan it ferhaal fan Pool. "Het doel van deze bijeenkomst is om alle mogelijkheden op het gebied van mobiliteit op een rijtje te zetten. Een nieuwe spoorverbinding aanleggen is erg duur en mogelijk over twintig jaar achterhaald. Misschien reizen wij tegen die tijd wel met een hyperbool-vacuümverbinding naar de Randstad." Wulfse stipet it stribjen nei in bettere ferbining, mar it foarstel fan Pool is foar har neat mear en neat minder as ien fan de opsjes.

Utkomsten brûke foar steateferkiezingen

De VVD-byienkomst oer mobiliteit luts sawat fyftich liberalen nei it Frysk Kongressintrum yn Drachten. It doel fan de gearkomste is om de aginda's fan de VVD-ôfdielings Fryslân, Grinslân en Drinte opinoar ôf te stimmen, sadat jo mei-inoar mear foarinoar krije kinne by it lânsregear yn Den Haag. Ek kinne de útkomsten fan de ferkenning oer mobiliteit brûkt wurde foar de programma's fan de steateferkiezingen fan takom jier.

Trefwurden: 
Lelyline Drachten
(advertinsje)