'Supermerkman' Gerard Nieuwe Weme ferstoarn

07 apr 2018 - 11:46

De eardere eigener fan supermerkketen Nieuwe Weme, Gerard Nieuwe Weme (71), is ôfrûne woansdei yn syn wenplak Brasschaat yn België ferstoarn. Under de lieding fan Nieuwe Weme groeide de supermerkketen yn Noard-Nederlân út nei hast fjirtich fêstigingen.

Yn 1993 iepene Nieuwe Weme in nij haadkantoar en distribúsjesinrum op It Hearrenfean. Yn 1996 ferkocht de famylje Nieuwe Weme de ûndernimming foar 180 miljoen euro oan Groenwoudt, dat sels yn 2000 ornommen waard troch Laurus, dat de winkels omboude ta it merk Konmar.

Gerard Nieuwe Weme wie de tredde generaasje by it supermerkbedriuw. Pake Gerardus Johannes Nieuwe Weme iepene yn 1905 de earste Nieuwe Weme yn Enschede. Dat wie in bakkerij. De ôfskiedstsjinst foar Gerard Nieuwe Weme is woansdei op It Hearrenfean. Dêrnei wurdt er te hôf brocht.

Trefwurden: 
Gerard Nieuwe Weme
(advertinsje)