Fryske skriuwer Joop Boomsma ferstoarn

De Fryske skriuwer Joop Boomsma is woansdei ferstoarn. Boomsma wie in alsidich man. By it grutte publyk wie er benammen bekend fanwege syn Fryske misdiedromans en syn ferhalen. Mar hy levere ek bydragen oan tydskriften en kranten, en hy publisearre dichtbondels. Dêrnjonken skreau er toanielstikken foar jongerein. Boomsma kaam as earste Fryske skriuwer mei in webloch.
Boomsma is 72 jier wurden. Syn útfeart is tiisdei yn it krematoarium yn Goutum.