Syktocht Remon Bruinsma liedt ta Frysk opspoaringsteam

"De zoektocht naar Remon was een oproep uit ons hart, maar er was totaal geen coördinatie. Het was een chaos, en toen hebben we als groep gezegd: dit moet anders." Oan it wurd is Houwina Postma fan Ljouwert. Mei in freondinne die sy desimber ferline jier in oprop op Facebook om te helpen mei sykjen nei de fermiste Remon Bruinsma. De 18-jierrige Remon wie nei in jûntsje stappen yn Ljouwert net thúskaam. Hy waard op nijjiersdei fûn yn it wetter by de Prinsetún.

Tefolle frijwilligers

De oprop foar frijwilligers smiet in soad reaksjes op. Eins tefolle en dêr wienen Houwina en dy net op taret, want ûnderfining hienen se net. Frank Kuiper, ek fan it begjin ôf by de aksje belutsen, fertelt dat der op in stuit wol hûndert man by it NS-stasjon stienen: "Niemand wist eigenlijk waar we met die honderd mensen heen moesten. Toen zijn er mensen overal naartoe gestuurd, ook naar plekken waar we al eerder waren geweest." Houwina follet oan: "In het Leeuwarder Bos is, denk ik, wel zes of zeven keer op dezelfde plek gezocht." Beiden fine se dat jo sa net mei frijwilligers omgean. In oare kear moat it oars.

Rescue Team Friesland

It idee foar in eigen Frysk opspoaringsteam kriget Houwina as se de minsken fan stichting SIGNI Zoekhonden yn aksje sjocht. Op fersyk fan de famylje fan Remon holpen dy doetiids ek mei te sykjen. "Ik heb enorm veel respect voor dit team gekregen en toen dacht ik: waarom heeft Friesland niet zo'n team?" En no, in pear moanne letter, is Rescue Team Friesland in feit. In nonprofit-organisaasje dy't rekkenje kin op sawat tritich frijwilligers en dy't de beskikking hat oer profesjonele dûkers, twa sonarboaten, in rêdingsboat en in tal speurhûnen. Noch gjin hûnen fan harsels, want dy binne noch yn oplieding. Der wurdt gearwurke mei Dutch Rescuedogs út Drinte. It team sil altyd operearje nei en yn oerlis mei famylje en plysje. "We willen de politie niet voor de voeten lopen. De politie doet eerst zijn werk en daarna worden wij pas ingeschakeld."

Romantisearje

It team kin op begelieding fan in psychologe rekkenje, mocht dat nedich wêze. Net elkenien is geskikt foar it wurk, mar it lûkt wol. No't de organisaasje wat bekender wurdt, krije se mear oanmeldingen "Mensen romantiseren het en daar vergissen ze zich heel erg in. Het is niet altijd leuk." Nei in earste opliedingsjûn wienen der dan ek al minsken dy't harren weromlutsen. "Lang niet iedereen kan dit aan en dan moet je het niet doen."
Houwina Postma en Frank Kuiper fertelle snein mear oer it Rescue Team Friesland yn it radioprogramma Buro de Vries. Sneintemiddei 13:00 oere sette se offisjeel útein mei in demonstraasje by de trailerhelling by de Tearnzer Wielen ûnder Ljouwert.
Rescue Team Friesland training fideo: