Scooterriders krije boete foar riden sûnder rydbewiis

Scooter © Omrop Fryslân
De plysje fan Ljouwert hat freedtenacht twa kear in scooterrider in boete jûn, omdat se gjin rydbewiis by harren hiene. Op de Bûterhoeke waard in 20-jierrige bestjoerster fan in snorscooter kontrolearre. Sy koe gjin rydbewiis sjen litte en dat resultearre yn in proses-ferbaal. Eefkes letter waarden op de Nijstêd twa jonge froulju - ek op in snorscooter - steande hâlden. De 16-jierrige bestjoerster hie ek gjin rydbewiis by har en dêrom waard ek dêr in proses-ferbaal opmakke.