Dronken automobiliste moat rydbewiis ynleverje

Autoride ûnder ynfloed
In dronken automobiliste is yn de nacht fan freed op sneon yn Ljouwert oanhâlden troch de plysje. Se waard om kertier oer twaen al slingerjend ridend oer de Oostergowei sjoen troch in motorrider.
De 35-jierrige frou moast blaze en dêrnei mei nei it plysjeburo foar in azemanalyze. Dêr kaam sa'n heech promillaazje út dat se har rydbewiis ynlevere moast. Se moat hat letter ferantwurdzje by de rjochter foar it dronken autoritsje.