Kollum: "Kening Pechtold"

07 apr 2018 - 08:19

"D66-Twadde Keamerlid Verhoeven helle sizze wike de kranten en it oare nijs. D66 hat it der mar drok mei. Harren foaroanman Pechtold mei stelselmjittich Russen misledigje, want dat fine we hjir yn Nederlân skynber prima. By oare befolkingsgroepen hawwe we dêr blykber mear muoite mei, mar klear. Dan hat D66-foaroanman Pechtold ek noch ergens in lyts optrekje krigen, mar ek dat wurdt troch him bagatellisearre. Sjoernalisten dy't dêrnei doare te freegjen, wurde mei it bekende superieure glimke ôfservearre. Dat glimke dêr't D66 sawat de rjochten fan skynt te hawwen. Ek minister Ollongren betsjinnet har dêrfan as se rjochtbreidzje moat wat bryk is.

D66 wrakselet mei it regearingsplús. Dat mei wol helder wêze. Se binne no al deabenaud oer hoe't se troch it, yn harren eagen domme, stimfolk oer in pear jier ôfstraft wurde sille. No, dat koe wolris net sa myld wêze, want sa dom is it elektoraat no ek wer net.

Wat moatte jo dan as D66? As jo as in kat yn it nau sitte? Besykje om punten te skoaren. En wat is der dan altyd noch om lekker tsjinoan te skoppen? Krekt, it keningshûs. Want dy kinne harren net ferdigenje, mar binne oerlevere oan opportunisten sa as de hear Verhoeven fan D66. Dy fynt dat it misledigjen fan de kening net langer yn in apart wetsartikel regele hoecht te wurden. No, dan binne jo as D66-Keamerlid wol echt dwaande om dit lân foarút te helpen, fine jimme ek net? It liket my dat der wol grutter saken oan de oarder binne as om krekt kening Willem-Alexander en de frou foar pankoeken út te meitsjen en der dan op deselde wize foar straft te wurden as wannear't jo in buorman it leksum opsizze. Beide is net goed, mar der is wol in ferskil.

It liket derop dat de mearderheid fan de Twadde Keamer yn it foarstel fan D66 meigean sil. Mar dat foarstel is hielendal net fan 'gelijke monniken gelijke kappen'. Want de PvdA en de VVD, dy't nei dizze kabinetsperioade grif mear mei de kening te krijen hawwe sille - regearje is foarútsjen - fûnen it foarstel te meager. Dus hat Verhoeven, - hoesa sloppe knibbels? -  it foarstel oanpast. En dêrmei syn eigen foarstel ûnderút helle, mar dat wurdt fansels troch D66 yn alle toanaarden tsjinsprutsen.

Wy hawwe in keningshûs. Dêr kinne jo fan fine wat jo wolle, mar ik skets even in senario. Ek foar de republikeinen ûnder ús. Ik wol harren foar dizze kear noch fierder yn de mjitte komme.  Stel no dat Nederlân in republyk wie. Tink jo dat no ris yn. Yn in ideale D66-wrâld soe harren Alexander dan, sis mar, de kening wêze. Kening Pechtold. De man dy't seit dat hy de earste Rus noch tsjinkomme moat dy't syn eigen fouten rjochtset. Hoe tinke jimme dat in besite oan Moskou dan ferrinne sil? Soe in man as Pechtold ús dêr dan oan in soad hannel en goede ferstânhâldings helpe kinne? Miskien kin er ús eigen Halbe Zijlstra wol meinimme. Dy hat ek in soad ûnderfinings yn it Russyske, sa hat bliken dien.

De iene Alexander is de oare net, mar ik tink dat we yn Nederlân hiel bliid wêze meie dat we troch ús kening Alexander fertsjintwurdige wurde en net troch kening Pechtold."

Trefwurden: 
Kollum Ferdinand de Jong
(advertinsje)