Nije biofergister komt fierder fan Koatstertille ôf

07 apr 2018 - 07:54

Foar de komst fan de biofergister by Koatstertille is in alternative lokaasje fûn. Dat plak, Westkern 10, leit 600 oant 800 meter fierder fan it doarp as de eardere lokaasje Westkern 6, dat tichteby in gasmingstasjon leit. Tsjin dat âlde plak ûntstie yn en om Koatstertille in soad ferset. Uteinlik kearde ek de gemeenteried him tsjin de plannen. Mar it beslút wie al troch it foarige koälysje nommen. Dêrtroch koe wethâlder Klaas Antuma allinnich ûnderhannelje mei de eigener oer it plak.

Oan de mooglike ferhuzing binne wol sawat 260.000 euro oan ekstra kosten ferbûn. Dat bedrach wol de gemeente foar syn rekken nimme. It jild is in kompensaasje foar de djoerdere grûn fan it nije plak, foar de ferpleatsing fan it sândepot dat der no noch leit en kosten foar prosedueres. Wethâlder Antuma makket dat nei alle gedachten net mear mei. Hy nimt ôfskied fan de lokale polityk, nei in ferskil fan ynsjoch mei syn partij ChristenUnie oer de biofergister.

Trefwurden: 
biofergister Koatstertille
(advertinsje)