IIsspeedway: René Stellingwerf 4e by Roelof Thijs Bokaal

06 apr 2018 - 23:26

René Stellingwerf fan Tsjummearum is freedtejûn by de iisspeedwaywedstriden om de Roelof Thijs Bokaal fjirde wurden. Dat is de priis foar de bêste iismotorrider, dy't foarôfgeand oan de lêste twa wedstriden om it wrâldkampioenskip iisspeedway, hâlden wurdt. Stellingwerf helle yn it Thialfstadion op It Hearrenfean de finale, mar die dêryn net mei om de poadiumprizen. De winst gie nei Lukáš Hutla út Tsjechië. Jonas Andersson út Sweden waard twadde, foar Charly Ebner út Eastenryk.

De noch mar 17-jierrige Jimmy Tuinstra, ek fan Tsjummearum, einige knap as sânde. Hy waard yn de heale finale útskeakele. Yn it dielnimmersfjild fan fjirtjin racers diene mar leafst trije Friezen mei. Njonken Stellingwerf en Tuinstra, wie Simon Reitsma fan De Westhoek de tredde Fries. Hy einige as 11e/12e. De oare Nederlânske dielnimmers, Jasper Iwema en Bart Schaap, waarden 9e/10e en 11e/12e.

Sneon en snein wurde de lêste wedstriden om de wrâldtitel iisspeedway riden yn Thialf.

(advertinsje)