Sealfuotbalsters Drachtster Boys troch winst nei play-offs

06 apr 2018 - 22:12

De sealfuotbalfroulju fan Drachtster Boys hawwe harren freed pleatst foar de play-offs troch te winnen fan Hovocubo. Yn it Noard-Hollânske Zwaag waard it 6-2 foar de Drachtsters, dy't dêrmei op it tredde plak einigje yn de kompetysje. Yn de play-offs is nûmer 2, FC Gelre, de tsjinstanner.

Jessie Prijs soarge al betiid foar de Drachtster foarsprong. Letter yn de earste helte makke Esther van Toledo de 0-2 nei in hakje fan dyselde Prijs. Foar it skoft brocht Tamira van Heerwaarden de spanning werom.

Yn de twadde helte rûn Drachtster Boys lykwols fierder út. Sieta de Vries makke de 1-3, Lotte Donath de 1-4 en Marian Meijer sels de 1-5. Nei't Van Heerwaarden de twadde goal makke foar Hovocubo, bepaalde Rianne Mulder de einstân op 2-6.

De play-offs begjinne takom wike freed. Drachtster Boys spilet dan thús tsjin FC Gelre. De ploech dy't as earst twa wedstriden wint, giet nei de finale. Dêryn is KTP Nieuw Roden of Pernis de tsjinstanner.

Avanti

Avanti wûn thús mei 2-1 fan Os Lusitanos. Lisa Snoek en Judith Trinidad setten de Stienzers op 2-0 tsjin de Amsterdammers, dy't noch wol skoarden mar net mear lykmakken.

(advertinsje)