Cambuur wint op besite by direkte konkurrint FC Den Bosch

Sportklup Cambuur hat freed goede saken dien yn de striid om play-offs. De Ljouwerters wûnen mei 1-2 op besite by direkte konkurrint FC Den Bosch. Schils en Van Kippersluis soargen foar de foarsprong yn it seispunteduel. Oan 'e ein kaam FC Den Bosch noch werom ta 1-2, mar fierder liet Cambuur it net komme.
Begjin foar Cambuur
De earste kânsen fan de wedstriid wienen foar SC Cambuur. Houtkoop koe krekt net by de foarset fan Van Deelen en Boerlage skeat yn de hannen fan keeper Leijten.
Healweis de earste helte wie it hast Den Bosch dat op foarsprong kaam. Vossebelt koe de bal hast binnen tikje by de earste peal, mar Cambuur-keeper Cummins koe de 1-0 foarkomme. Oan de oare kant koe in Bossche ferdigener in ynset fan Kip keare.
Goed út de klaaikeamer
Cambuur kaam geweldich út de klaaikeamer foar de twadde helte. Ynfaller Kevin van Kippersluis sette fan links ôf foar. In ferdigener miste de bal, wêrnei't Mathias Schils diagonaal raak sjitte koe: 0-1.
Der barde in soad yn de iepeningsfaze fan dy twadde helte. Daniels stuite op Leijten, Van Kippersluis stie bûtenspul en Van Wermeskerken rekke fan rantsje 16 meter ôf it houtwurk.
Ek Den Bosch krige goede kânsen. Twa kear wie Cummins belangryk foar Cambuur mei rêdingen op ynsetten fan Blummel.
Krekt doe't Den Bosch hieltyd driigjender waard, makke Cambuur de marzje grutter. Van Wermeskerken snie goed nei binnen op links en lei werom op Van Kippersluis, dy't de 0-2 binnen skeat.
Spanning
It waard noch wol spannend yn De Vliert. Ut in corner soarge Jeremy Fernandes foar de 1-2.
Yn de ekstra tiid makke Jort van der Sande sels hast de lykmakker, mar dat rûn krekt goed ôf foar Cambuur, dat dus mei trije punten weromreizget nei Ljouwert.
Grutte middenmoat
Cambuur klimt troch de oerwinning oer Den Bosch op de ranglist. De Ljouwerters steane no op it tsiende plak. It ferskil tusken nûmer 8, MVV, en nûmer 14, FC Oss, is lykwols mar twa punten.
Moandei spilet Cambuur alwer. Dan komt Jong AZ nei Ljouwert.
FC Den Bosch - SC Cambuur 1-2 (0-0) 46. Mathias Schils 0-1, 75. Kevin van Kippersluis 0-2, 85. Jeremy Fernandes 1-2
Opstelling Cambuur: Cummins; Van Deelen, Steenvoorden, Schilder, Van Wermeskerken; Schils, Crowley, Boerlage; Kip, Daniels, Houtkoop