FIDEO: Snitser fuotbalklups prate oer fúzje

06 apr 2018 - 20:54

SC Bolsward, FC Harlingen, SC Stiens, SC Leovardia, SV Haulerwijk, VWC. Seis foarbylden fan fúzjeklups yn it Fryske amateurfuotbal. Ek yn Snits lizze plannen foar in fúzje, want no binne dêr fiif amateurklups en dat binne te folle.

ONS hat stedsgenoat Snits Wyt Swart frege om gear te wurkjen. Twa ploegen dy't wetter en fjoer wienen, fregest dan net om problemen? Yn Oentsjerk is it no bygelyks hommeles by fuzjeklup VC Trynwâlden.

Yn Fryslân Hjoed prate Leo de Wagt fan ONS en Geert Jelle de Vries fan Snits Wyt Swart oer in eventuele fúzje tusken de twa Snitser klups. Ronald de Vries, foarsitter fan SV Haulerwyk, hat it oer syn ûnderfinings by de fúzje yn 2015 tusken de twa klups yn it doarp.

(advertinsje)