Gat fan 30.000 euro yn begrutting WK Frysk damjen

Marten Walinga, foarsitter Stichting Wereldkampioenschap Fries Dammen © Omrop Fryslân, Gerrit de Boer
Der is noch hieltyd gjin wissichheid oer de finânsjes foar it WK Frysk damjen dat pland stiet foar begjin augustus yn Ljouwert. Yn de begrutting sit noch in gat fan sa'n 30.000 euro dat de kommende moannen tichte wurde moat. Dat seit Marten Walinga, foarsitter fan de Stichting Wereldkampioenschap Fries Dammen.
Walinga is op dit stuit ek de organisator fan it NK damjen en it Iepen NK Frysk damjen yn Harns. Beide toernoaien wurde hâlden fan 4 oant en mei 13 april. It NK damjen sette tiisdei al útein. Takom moandei begjint it Frysk damjen. Ynternasjonaal giet it mei it damjen net goed, mar it Frysk damjen sit al in skoftsje dúdlik yn de lift en wint noch hieltyd oan populariteit, seit Walinga.