Lintsje foar Eastermarder Freerk Hamstra

06 apr 2018 - 21:24

Freerk Hamstra (71) fan Eastermar is freedtejûn keninklik ûnderskieden. Hy is beneamd ta lid yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Hy wurdt eare fanwegen syn jierrenlange ynset as frijwilliger by fuotbalferiening Eastermar, Bridgeclub Surhuisterveen en Tennisvereniging Marslach yn Eastermar. Boargemaster Jeroen Gebben rikte it lintsje út.

(advertinsje)