Fytser ferwûne nei oanriding mei auto yn Ljouwert
In 26-jierrige fytser is yn Ljouwert ferwûne rekke by in oanriding mei in auto. It ûngelok barde op de Molkenkelder. It slachtoffer hat nei alle gedachten in brutsen ankel oerhâlden oan de botsing en is mei in ambulânse nei it sikehûs brocht.