Feteraneklup fiert 30-jierrich bestean

06 apr 2018 - 17:54

De VOMI, de feriening fan âld-militêren yn Ynje en Nij-Guineä, hat freed op De Jouwer it 30-jierrich bestean fierd. Yntusken binne de measte leden al oer de njoggentich jier hinne, mar noch altyd komme se ien kear yn it jier byinoar. 

De feriening waard tritich jier lyn oprjochte, om't der hieltyd mear ferhalen rûngiene fan misstannen by de missy. De âld-militêren woene in tsjinlûd heare litte en de VOMI groeide al gau nei de 10.000 leden. De Fryske regionale feriening siet op it hichtepunt op 800 leden. De feriening rjochte har foaral op it stypjen fan feteranen dy't bygelyks psychyske problemen hiene.

Tsjintwurdich bestiet de groep noch út 215 leden. Yn it ôfrûne jier binne 32 leden hinnegien. Der wurde no foaral noch begraffenissen en kremaasjes besocht. By de gearkomste wiene diskear noch mar 85 leden. Alle jierren wurdt opnij besjoen oft in nije gearkomste it jier derop noch mooglik is.

Trefwurden: 
feteranen VOMI
(advertinsje)