Fytsedief út Kerkrade moat hûndert oeren wurkstraf dwaan

06 apr 2018 - 17:35

In man út Kerkrade hat in wurkstraf fan hûndert oeren krigen omdat er in tal elektryske fytsen stellen hat, ûnder oare fan in fytsesaak yn Appelskea. De man seit dat er jildproblemen hie en dat er ferslave is. Hy hat nea ferteld wêr't de fytsen bedarre binne.

De fytsehanneler yn Appelskea krige in skeafergoeding fan 4.000 euro tawiisd, foar de fytsen en ek foar in telefoan. De man út Appelskea wie de fertochte by tafal tsjinkaam yn Heerlen. Doe't syn frou de plysje belje woe, fernielde de fertochte har telefoan.

Trefwurden: 
fytsedief
(advertinsje)