CDA, ChristenUnie en Gemeentebelangen prate yn Achtkarspelen

06 apr 2018 - 17:28

Achtkarspelen soe in koälysje krije kinne fan CDA, ChristenUnie en GemeenteBelangen Achtkarspelen. Dat hat bliken dien út de earste searje petearen mei alle riedsfraksjes.

De trije partijen ha oanjûn dat se wol besjen wolle oft se mei har trijen fierder wolle. Se slute net út dat der ek noch in fjirde partij oanslute kin bij de ûnderhannelingen.

CDA, ChristenUnie en GemeenteBelangen prate woansdei fierder. It CDA wie de winner fan de ferkiezings yn Achtkarspelen. De FNP wie de grutste, mar is no de twadde partij yn dy gemeente.

Trefwurden: 
Achtkarspelen
(advertinsje)