Deinum hat kolleezje ek net direkt ynformearre

06 apr 2018 - 17:14

It kolleezje fan de gemeente Ljouwert en de ûnderhanneler foar it nije kolleezje binne net fuortendaliks ynformearre oer de problemen dy't de ynvestearders fan it Cambuurstadion hiene mei de mooglike komst fan in Bauhaus nei de stêd. Ferskate boarnen fertelle Omrop Fryslân dat it net oan 'e oarder kaam is by de ûnderhannelings en dat it ek net yn it kolleezje fan boargemaster en wethâlders besprutsen is. Fan 'e wike waard dúdlik dat ynvestearder Jan Anker en WTC Beheer harren mooglik weromlûke wolle fanwege de komst fan dy grutte boumerk. Dat is net goed foar de plannen dy't Anker hat en neffens him ek tsjin makke ôfspraken yn. Yntusken libje yn de gemeenteried noch in soad fragen. Dy wurde op 18 april mooglik beäntwurde op in gearkomste fan de gemeenteried. Dêr binne alle belutsen partijen útnûge.

Soad fragen

De fraksjefoarsitters fan it CDA, de PvdA, PAL GrienLinks en D66 (de koälysjepartijen yn de ried) ha krekt as de opposysjepartijen noch in soad fragen. Sa moat dúdlik wurde oft der tasizzings dien binne en ek wat de status wie fan de mail dy't Jan Anker flak foar âld en nij stjoerde nei Henk Deinum. Yn dy mail warskôge Anker wethâlder Deinum dat de komst fan in oare boumerk konsekwinsjes ha kin foar de komst fan it nije Cambuurstadion.

Fernuvering

Ek op oare mominten is dêrfoar warskôge, sa sizze minsken dy't belutsen binne by it projekt. WTC Beheer sjocht dan ek mei fernuvering nei mediaútlittings fan Deinum. Ferskate kearen hat hy folhâlden dat de komst fan in oare boumerk nei Ljouwert de saak fan it nije Cambuurstadion gjin skea dwaan soe. Sa liet er yn febrewaris yn de Leeuwarder Courant optekenje: "Wij hebben geen enkel signaal van negatieve gevolgen voor het WTC/Cambuurgebied." Dat liet de gemeente in wike letter ek optekenje yn it Friesch Dagblad. Dêr warskôge ien fan de wurdfierders fan Wyckerveste dat de komst fan in Bauhaus in grut risiko is foar it te bouwen Cambuurstadion. De gemeente liet doe yn in reaksje witte dat se der gewoan fan útgeane dat de ûntwikkelings yn it gebiet gewoan trochgean. Op dat stuit lei der al in mail fan Jan Anker en wie Deinum ek yn ferskate peteare warskôge foar de mooglik negative gefolgen fan de komst fan in Bauhaus.

(advertinsje)