Frisian Flag, wat is dat no eins?

Fan moandei 9 april ôf is it wêr dy tiid fan it jier, nammentlik Frisian Flag! No kinst der yn Ljouwert net om hinne, want dat hearst wol. Mar wat is dit hiele barren eins? Wy sitte mei ferslachjouwer Hayo Bootsma, dy't doel hat oer Frisian Flag.
Wat is dat no, Frisian Flag?
Frisian Flag is in grutte militêre oefening foar jachtfleantugen. Ferskate lannen wurkje gear om yn koälysjeferbân te oefenjen op loftferdigeningstaken en it oanfallen fan grûndoelen. Der binne in soad missys op dit stuit. Boppe Syrië wurdt der ek gearwurke yn dat koälysjeferbân. En dêr moat op oefene wurde, sadat dúdlik wurdt wa hokker rol hat, wa wat kin en hoe oft de fleantugen ynset wurde kinne.
Moat it no sa lûd?
Lûdsoerlêst is in probleem dat binnen Definsje libbet. Der is goed oerlis mei de omwenners, neffens Definsje. De omwenners wurde ynformearre, se witte wat der spilet. Se meie dit jier ek op de fleanbasis komme, om te sjen wat der dien wurdt oan it beheinen fan de oerlêst. Sa meitsje de fleantugen, as se opstige rjochting Marsum, in bochtsje om it doarp hinne. Dat moat it leven boppe it doarp wat ferminderje, mar it jout twa kear deis wol in soad oerlêst, want der gean fyftich tastellen fuort op hast itselde momint.
Hokker lannen dogge mei?
Nederlân is ien fan de belangrykste dielnimmers, fierder dogge ûnder oare de Amerikanen mei. De Dútsers, Poalen, Spanjoalen, Ingelsken en Italianen ha in stypjende rol. Wat ek aardich is, is dat der in partikulier bedriuw by sit, dat út Dútslân wei fljocht en tsjinst docht as oefenfijân. Dêr is foar keazen, om de kosten te drukken. Sa bliuwt der mear jild oer, om sa'n oefening fierder út te wreidzjen.
Wat is it moaiste fleantúch?
Dat is in gewissefraach, dat silst de spotters freegje moatte. Opfallend is it grutte oantal Frânske tastellen, mei de Mirage en Rafale. Dat is in tastel dat wy hjir net in soad sjogge. Der is ek in Poalske MIG29. Dat is fan oarsprong in Russysk tastel en dy sjochst hjir ek net sa faak. Opmerklik is dat sy oefenje tsjin in tsjinstanner, bygelyks tsjin Ruslân of Sina.
Hast noch tips foar it sjen?
Twa kear deis stige der fleantugen op, tusken njoggen en tsien oere en tusken healwei twaen en trije oere. Dan geane der beide kearen sa'n fyftich tastellen de loft yn. Dy gean op missy. Dat kinst hiel goed besjen by Jelsum oan de Ljouwerterdyk. Let op, der binne wol restriksjes as it giet om it parkearjen. En oan de Marsumer kant is der de spottersbult. Dêr is ek in soad parkearromte, moatst der foar betelje, mar dêr hast wol in hiel moai sicht. Sykje op ynternet op wat de regels binne, want meist der net samar oeren stilstean. De plysje treedt dêr hurd tsjin op.
Sjoch foar mear tips & hoe it sit mei it parkeren op Aviation Group Leeuwarden.