Ljouwerter koperslagger Van Erp nei 120 jier wer thús

07 apr 2018 - 09:28

De Ljouwerter koperslagger Dirk van Erp (1862 - 1933) hat in opmerklik libbensferhaal. Syn heit, Willem van Erp wie ek koperslagger oan de Nijestêd. Dirk leart fan him it fak, mar bedarret as 19-jierrige op it ferkearde paad. Hy wurdt oppakt foar stellerij en krijt in finzenisstraf fan fiif jier. In pear jier nei syn frijlitting, emigrearret er nei Amearika en begjint dêr in nij libben. Hy lit syn libben yn Ljouwert achter him, mar giet wol troch mei it fak fan koperslagger.

Van Erp wurdt tige suksesfol en krijt in grutte namme yn de 'Arts and Crafts Movement', in beweging foar tradisjoneel, hânmakke ambachtskeunst. Syn wurk is twa kear te sjen op de grutte ynternasjonale wrâldtentoanstelling en hy eksposearret in soad yn ferskillende galeryen.

Eksposysje

Galeryhâlder en antikêr Isac Lindenauer is in enoarme leafhawwer fan it wurk fan Van Erp en hat in grutte priveekolleksje mei koperobjekten. Foaral de lampen dy't Van Erp makke binne bysûnder. Dy priveekolleksje fan Lindenauer is no te sjen yn it Pier Pander Museum yn Ljouwert, dêr't oant ein oktober in útstalling oer Van Erp is. Lindenauer is optein oer de eksposysje en seit dat Van Erp nei 120 jier wer thús is yn syn stêd: "I hope Van Erp is smiling in heaven."

Snein yn it radioprogramma Buro de Vries om 11 oere mear oer de tentoanstelling. Dan komt ek Isac Lindenauer oan it wurd, de man dy't syn priveekolleksje beskikber steld hat foar dizze útstalling.

(advertinsje)