Twadde plak maksimaal helbere foar Bouwmeester nei minne dei

06 apr 2018 - 17:03

Sylster Marit Bouwmeester hat freed in minne dei belibbe by de Princes Sofía Cup op it wetter by Palma de Mallorca. De Wartenster einige yn har twa races teloarstellend as 26e en 15e. Se sakket dêrtroch opnij in plakje yn it algemien klassemint. Se stiet no tredde.

Sneon is de lêste dei fan de Princes Sofía Cup. Foar Bouwmeester is in twadde plak yn it klassemint noch it maksimaal helbere.

Op it earste plak yn it klassemint stiet Anne-Marie Rindom út Denemarken. Alison Young út Grut-Brittannië stiet no twadde.

(advertinsje)