Wurkstraf easke fanwege deadlik ûngelok mei minykraan

De rjochtbank © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Tsjin in 76-jierrige man út Wynjewâld is 150 oeren wurkstraf easke foar it feroarsaakjen fan in deadlik ûngelok mei in minykraan. De kraan stie yn de berm fan de Kompanjonsfeart yn Wynjewâld. Dêr moast in bulte sân fuort skept wurde. In man út Hoarnstersweach botste mei syn bestelbuske tsjin de earm fan de kraan, dy't oer de dyk stuts. Hy ferstoar oan de gefolgen fan it ûngelok.
Neffens justysje hat de fertochte te min dien om in oanriding foar te kommen. Hy hie ferkearspilonnen op de dyk sette kinnen of it swaailjocht oandwaan kinnen. Neffens tsjûgen ried it buske behoarlik hurd. De advokaat fan de fertochte wiisde derop, dat it slachtoffer de riem net om hie.
De rjochter docht oer twa wiken útspraak.