Yuki Kobayashi ferfangt blesseare Stijn Schaars

06 apr 2018 - 16:20

Yuki Kobayashi wurdt de ferfanger fan Stijn Schaars foar de thúswedstriid tsjin FC Grins fan takom snein. Schaars rekke woansdei swier blessearre ûnder de training. Hy bruts syn kût- en skynbonke. Neffens trainer Jurgen Streppel wiene Schaars syn kollega's bot oandien. "Ik zag jongens met tranen in de ogen. Maar Stijn is erg optimistisch en dat helpt."

Hearrenfean moat it njonken Stijn Schaars ek dwaan sûnder Martin Ødegaard. De Noar is foar de rest fan dit seizoen útskeakele troch in brutsen middenfuotsbonkje. Wa't syn plak oernimt op rjochtsbûten is noch net dúdlik. Marco Rojas, Nemanja Mihajlović en Michel Vlap komme dêr foar yn oanmerking.

Wierskynlike opstelling: Hansen; Dumfries, Høegh, Pierie, Woudenberg; Kobayashi, Thorsby, Vlap; Rojas, Reza en Zeneli.

(advertinsje)