Reisplanner NS hat nammen treinstasjons tenei ek yn it Frysk

06 apr 2018 - 16:20

De plaknammen fan treinstasjons yn Fryslân binne fan moandei ôf njonken it Nederlânsk ek yn it Frysk te finen yn de reisplanner fan de NS. De NS komt mei de oanpassing as gebaar fanwege it Kulturele Haadstêdjier. De plannen binne earst mei de provinsje bepraat, dy wie entûsjast. En dat jildt ek foar de gemeenten mei treinstasjons.

De NS makket in feestje om de lansearring hinne fan Fryske plaknammen yn de reisplanner. Bern fan twa basisskoallen út It Hearrenfean binne dêrfoar útnûge. Se geane mei de trein nei Ljouwert en ûntbleatsje dêr offisjeel de Fryske plaknammen op de reisplanner.

Trefwurden: 
reisplanner NS
(advertinsje)