Advys De Fryske Marren: koälysje CDA, FNP en VVD

06 apr 2018 - 15:27

Yn de gemeente De Fryske Marren kin it bêste in koälysje komme mei CDA, FNP en VVD. Dat advisearret ynformateur Sander de Rouwe, dy't mei alle partijen praat hat.

Alle partijen fine dat it CDA as grutste partij yn it kolleezje moat. De VVD wurdt ek troch de measten neamd, ek al omdat dy partij in sit wûn hat. De FNP is nei it CDA de twadde partij yn De Fryske Marren en dêrom fynt in mearderheid fan de partijen dat ek mei dy partij praat wurde moat oer in koälysje.

It ferslach fan de ynformateur komt tongersdei yn de ried.

Trefwurden: 
De Fryske Marren
(advertinsje)