"In nij Cambuurstadion? Ja, gekke Henkie!"

06 apr 2018 - 15:08

It like allegear yn kalk en semint, mar ynienen wie der dochs in kink yn 'e kabel: It is noch lang net wis oft in nije Cambuurstadion der komme kin. Op de Ljouwerter freedsmerk reinde it reaksjes. Fan ferwizingen nei Piter Wilkens' nûmer It het noait wat weest en sil noait wat wurde, oant djippe analyzes oer it funksjonearren fan wethâlder Henk Deinum: "Ja, Gekke Henkie, dy kin beter mar opstappe!"

SC Hearrenfeansupporters gniisden: "Gjin kommentaar!" Guon tinke dat it heechút wat fertraging betsjut, om't ynvestearders der úthelje wolle wat der yn sit. Wer oaren sjogge nije kânsen, om it stadion dochs noch op it besteande plak te hâlden. Besikers út oare provinsjes makket it allegear net folle út: "Wij komen hier voor het museum, niet voor Cambuur..."

(advertinsje)