Harns sil sjen nei koälysje PvdA, CDA en VVD

06 apr 2018 - 14:54

Yn Harns moat ûndersocht wurde oft der in koälysje komme kin fan PvdA, CDA en VVD. Dat advisearret de grutste partij, de PvdA, nei in earste ronde fan petearen. Dy partijen kinne mei elkoar in mearderheidskoälysje foarmje fan tsien sitten. Yn totaal hat Harns santjin riedsleden. 

Harlinger Belang, dat no noch yn it kolleezje sit, soe dan bûten de boat falle. Dy partij hat mear ferlern as it CDA. It CDA is no de twadde partij en hat in foarkar foar de VVD. Dy partij hat oarsom ek oanjûn om it leafst tegearre op te lûken mei it CDA. De PvdA wol dêrom earst útsykje litte oft der in gearwurking komme kin fan dizze trije partijen yn Harns.

Trefwurden: 
Harns
(advertinsje)