Fabryk gouden kampioensredens fallyt ferklearre

Reedfabryk Maple Skate op It Hearrenfean is fallyt ferklearre. It bedriuw hat skulden en kin it personiel net mear betelje. Ofrûne wike spruts de rjochtbank fan Ljouwert it fallisemint út. Op it stuit wurkje der noch tsien minsken. Fjouwer meiwurkers namen foar de fallisemintsferklearring al it beslút om op te hâlden. Sy geane der op 1 maaie út.
In fallisemint is altyd skande, fynt kurator Rimar Goudberg fan Verdonk Advocaten op It Hearrenfean, mar der is hoop op in trochstart. "We ha mei in oantal partijen sprutsen en dy binne wer ôfsketten, mar der ha har ek trije partijen by ús oanmeld", fertelt Goudberg. Mei dy partijen sille de kuratoaren om tafel.
Gouden izers
Ald-maratonrider Johan Bennink begûn it bedriuw Maple Skate yn 1991. It waard benammen bekend troch de gouden izers. Doe't Rintje Ritsma yn 2004 mei dizze redens oan de start ferskynde, makke sels konkurrint Viking him soargen. Maple hie grutte suksessen. In soad topriders as Martina Sáblíková, Heather Bergsma, Jorrit Bergsma en Kjeld Nuis stapten oer op it merk. By de Olympyske Spelen yn Sotsji ried noch 70 prosint fan de reedriders op redens fan it Feanster bedriuw.