Plysje lit Fryske fertochten yn drugslab-saak foarearst frij

De twa Fryske fertochten dy't woansdei oanholden binne nei it ûntmanteljen fan in drugslab yn oanbou yn Aldebiltsyl, binne foarearst wer frijlitten. Dat lit plysje East-Brabân witte.
De 29-jierrige bewenner fan de pleats oan de Van Albadawei en de 28-jierrige frou út Ljouwert bliuwe wol fertochten yn de saak. Neffens de plysje hat it frijlitten fan de twa fertochten te krijen mei de swierte fan de fertinking.
In 47-jierrige man út Den Bosch en in 57-jierrige ynwenner fan Middelbeers wurde freed foarlaat oan de rjochter-kommissaris. Sy bliuwe foarearst wol fêstsitten. Itselde jildt foar in man út Eindhoven en in man út Zaltbommel.
De plysje yn Fryslân wurket yn de saak gear mei plysje East-Brabân. By de grutskalige aksje nei drugskriminaliteit waarden woansdei ek ynfallen dien yn Den Bosch, Oirschot en Rosmalen. Yn Aldebiltsyl en Nieuw-Amsterdam yn Drinte waard in drugslab oantroffen. Yn beide labs waarden inkelde tûzenen liters oan gemikaliën fûn.