Earste skrieze-aai Fryslân leit op it Skrok by Easterein

06 apr 2018 - 12:34

Yn neifolging fan it earste ljipaai dat yn maart by It Heidenskip fûn waard, is tongersdei it earste skrieze-aai fan Fryslân oantroffen. Jan van Asselt, frijwilliger fan Natuurmonuminten, kaam it aai yn greidefûgelreservaat Skrok by Easterein tsjin. Dat meldt boskwachter Sander Veenstra fan Natuurmonuminten op Twitter.

Dat it earste skrieze-aai letter fûn waard as it earste ljipaai is gjin ferrassing. Skriezen binne mei it lizzen fan aaien yn de regel behoarlik letter as ljippen.

Letter die bliken dat neisoargers by Aldegea tongersdeitejûn ek al in trijke fûn hienen. De hûsbiolooch fan de Fûgelwacht Aldegea hie noch nea earder meimakke dat sa betiid in skrieze-aai fûn waard.

Trefwurden: 
skrieze-aai Skrok
(advertinsje)