Arriva wiis mei reaksjes op filmke agressive buspassazjier

© Screenshot dumpert.nl
Ferfierbedriuw Arriva fan It Hearrenfean is bliid mei de reaksjes dy't kaam binne op it filmke mei in man dy't tekeargiet tsjin in bussjauffeur. De fideo waard dizze wike in grutte hit op ynternet. Nei't it op de webside Dumpert kaam, waard it dêr mear as 488.000 kear besjoen. It smiet in soad reaksjes op fan minsken dy't tochten dat it echt wie, mar it filmke is fan in agresjetraining foar Arriva-bussjauffeurs.
De man dy't mar trochraast tsjin de sjauffeur is in akteur. Ien fan de learling-bussjauffeurs hat it filmke makke en nei bûten brocht. De measte reaksjes sprutsen skande fan it gedrach fan de passazjier. In soad minsken wiene goed te sprekken oer dat de sjauffeur sa rêstich bleau.
Bewustwurding
"Helaas hebben onze chauffeurs nog dagelijks te maken met agressie", seit wurdfierster Ingrid Heijman fan Arriva. "Misschien dat dit filmpje helpt in de bewustwording. Het doet ons goed dat dit soort gedrag door veel mensen niet wordt getolereerd."
It bedriuw sil dan ek gjin stappen ûndernimme tsjin de learling dy't it filmke nei bûten brocht. "Sterker nog, het omgaan met sociale media is net als de agressietraining onderdeel van de Beroepsbegeleidende Leerweg. Daarin leren chauffeurs dat ze altijd gefilmd kunnen worden, zoals nu maar weer blijkt. De training is geslaagd en het filmpje geeft een goed inzicht in het werk van de buschauffeur", seit Heijman.
Hjirûnder is it filmke te besjen: