Wjirmen grûnoarsaak fan weibliuwen greidefûgels op De Burd

06 apr 2018 - 11:00

Op eilân De Burd by Grou is ferline jier in greidefûgelreservaat ynrjochte, allinnich is der sûnt dy tiid ien probleem. Op it reservaat komme gjin greidefûgels ôf. Ljurken binne op it eilân noch wol te hearren, mar benammen ljippen witte it paad nei it reservaat net te finen.

De oarsaak? Der sitte te min wjirmen yn de grûn, sa die bliken út boaiemûndersyk fan behearder It Fryske Gea. Dat komt ûnder oare troch de soere grûn. Behanneling mei kalk en rûge dong soe in oplossing wêze kinne, mar der binne net in soad boeren mear mei dat soarte dong. Op De Burd wurdt al tweintich jier net mear buorke en it omdat it in eilân is, is it ek dreech om pachters te finen.

It gebiet wie ea ornearre foar it meitsjen fan sompe lykas de rest fan Nasjonaal Park De Alde Feanen. Protesten soargen der doe foar dat it úteinlik in greidefûgelgebiet waard.

Trefwurden: 
de Burd greidefûgel ljip ljurk
(advertinsje)