Skoalkuorbaltoernoai ferhuzet fan Twizel nei De Harkema

06 apr 2018 - 09:56

It grutte skoalkuorbaltoernoai dat tradisjoneel op sportpark De Moune yn Twizel hâlden waard, ferhuzet nei sportpark De Bosk op De Harkema. Op 16 maaie wurdt dêr de 27ste edysje fan it toernoai spile. Sportpark De Moune is oanpast, wêrtroch't in diel fan it park net langer geskikt is foar sportaktiviteiten. Der is gjin romte mear foar grutte toernoaien, lykas it kuorbaltoernoai mei 900 dielnimmers.

Yn maaie 2014 barde der in slim ûngelok by it skoalkuorbaltoernoai op sportpark De Moune. In dug-out stoarte yn, wêrby't in famke omkaam en fiif oare bern ferwûne rekken.

(advertinsje)